Miljoeneferlies foar Keamers fan Keaphannel yn 2014

04 jun 2015 - 18:54

De Keamers fan Keaphannel hawwe mei-elkoar ferline jier in ferlies draaid fan goed 63 miljoen euro. Dat docht bliken út it tongersdei presintearre jierferslach. Oarsaak fan it grutte ferlies binne benammen de kosten fan in reorganisaasje dy't de organisaasje trochfiert.

Doel is dat mei de reorganisaasje 80 miljoen euro besunige wurdt. Om dat te berikken binne alle 14 regiokantoaren, wêrûnder dat fan Ljouwert, ûnderbrocht yn ien lanlike organisaasje. Ek moatte der oant 2018 1.000 banen ferdwine.

Omdat meiwurkers fan de Keamers fan Keaphannel amtner binne, stiet de wet ûntslach net samar ta. De organisaasje hopet fan 2018 ôf gjin ferlies mear te draaien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)