Miljoeneferlies foar de NDC

26 apr 2010 - 21:04
  • Miljoeneferlies foar de NDC

De Noordelijke Dagblad Combinatie NDC/VDK, útjouwer fan ûnder oare de Ljouwerter Krante, hat foarich jier in ferlies makke fan sa'n 45 miljoen euro. Wylst yn 2008 noch in lytse 4 miljoen euro winst notearre waard.

It ferlies komt ûnder oare troch in reorganisaasje dy't 150 banen kostet en troch de yntegraasjekosten fan trije bedriuwen ta ien. Neffens bestjoersfoarsitter Jan de Roos bestiet it ferlies foar it grutste part út ienmalige kosten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)