Miljoeneclaim foar Hans Wiegel

19 mrt 2013 - 14:07
  • Ald-kommissaris fan 'e Keninginne Hans Wiegel

Der hinget Hans Wiegel in miljoeneclaim boppe de holle. Dat skriuwt it blêd Quote. Wiegel soe út it bestjoer fan Bouwhuis Vastgoed set wêze. Dat is dien neidat er in bankêre folmacht jûn hie oan in meiwurker fan it fûns. Dat hat laat ta transaksjes dêr't miljoenen skea by ûntstien is. De skea moat no ferhelle wurde op de ynwenner fan Aldegea.

Wiegel jout ta dat er gjin tafersjoch hâlden hat, mar seit ek dat dat neffens him syn ferantwurdelikheid net is. Fan de claim seit Wiegel net op de hichte te wêzen, sa meldt Quote.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)