Miljoeneclaim foar Fryslân Bank

05 sep 2002 - 00:00

In Frysk echtpear easket miljoenen fan de Fryslân Bank. Se hawwe mei belizzen 4,5 miljoen euro ferlern. Harren bank, de Voorschotbank yn Surhústerfean, soe ferkearde ried jûn hawwe. Dy bank is wer in dochter fan 'e Fryslân Bank.

Yn 'e tiid fan 'e ekonomyske malêse is harren hiele fermogen dertrochhinne gien. Moandei tsjinnet in rjochtsaak oer dit konflikt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)