Miljoen op lot Easterwâlde

12 jul 2010 - 17:17
  • Foto: Omrop Fryslân

It lot dêr't sneon in miljoen op fallen is by de Lotto, is ferkocht by in winkel yn Easterwâlde. It giet om Primera De Primeur yn it plak. Dat hat de organisaasje achter de ferlotting bekend makke. Wa't it lot kocht hat, is noch net bekend, omdat de winner him noch net meld hat.

Hie de keaper it lot ek noch yn de goeie kleur hân, dan hie er de jackpot fan 29 miljoen wûn. Dy is der no net útgien en skoot troch nei de folgjende trekking.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)