Miljoen glêsieltsjes útsette

28 apr 2010 - 12:34

Op de Sleattemermar wurde tongersdei in miljoen glêsieltsjes útset. De aksje makket diel út fan in Europeesk plan. Doel is om de ielstân wer op peil te bringen.

De glêsiel kin yn de Europeeske lânnen grut wurde, mar moat dan werom nei de Saragossasee om te paaien en kût te lizzen. De glêsiel swimt dan wer nei Europa ta, mar dêr stûket it. Net alle iel krijt de kâns om werom te gean nei de Saragossasee. In part wurdt fongen en giet nei de fiskôfslach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)