Miljoen foar Polderhoofdkanaal

08 nov 2005 - 11:24

De weriepening fan it Polderhoofdkanaal tusken Nij Beets en De Feanhoop is wer in grutte stap tichterby. De ried fan Opsterlân gie moandeitejûn akkoart mei it foarstel fan B&W om dêr ien miljoen euro foar út te lûken.

Mei dat jild wurdt it Polderhoofdkanaal wer in trochgeande farrûte foar de rekreaasjefeart. De gemeente Smellingerlân moat tiisdei noch in beslút nimme. Want in part fan it kanaal rint troch dy gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)