Miljoen foar enerzjybesparring

01 jul 2009 - 11:10

De provinsje lûkt dit jier in miljoen euro út om huzen enerzjysuniger te meitsjen. Ek wurde huzen sa oanpast dat minsken har hiele libben der yn wenje kinne. It giet om fiif projekten yn Boalsert, Langwar, Frjentsjer, Drachten en Kollum.

By in pear projekten wurde bewenners advisearre oer hoe't se sels sa sunich mooglik mei enerzjy wêze kinne. Yn Langwar meie bewenners sels meiprate oer oanpassings yn har hûs, sadat se der sa lang mooglik wenje kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)