Miljoen foar Doniawei Hallum

14 feb 2014 - 07:15

De gemeenteried fan Ferwerderadiel stelt definityf in miljoen euro beskikber foar it oplossen fan de problemen by it bedriuweterrein yn Hallum. De ûndernimmers op dit terrein kleie al jierren dat se net útwreidzje kinne. Santjin huzen oan de Doniawei steane de útwreiding yn it paad. Dy moatte eins earst fuort, foardat der fierder tocht wurde kin oer hoe't de útwreiding der krekt út komt te sjen.

Om dat foar elkoar te krijen wurdt der op dit stuit ûnderhannele mei de eigeners fan dy huzen.

It jild fan de gemeente sil ûnder oaren foar dit doel brûkt wurde, mar der leit ek jild fan de provinsje en fan de ûndernimmers sels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)