Miljoen euro foar ûnderhâld

27 maaie 2014 - 21:07
  • In sportfjild yn Súdwest-Fryslân

De gemeente Súdwest-Fryslân lûkt ien miljoen euro út foar it opknappen fan grien, ferljochting, brêgen en sportfoarsjennings. It jild wurdt ûnder oare bestêge oan ûnderhâld fan it dak fan sporthal Middelsee yn Boalsert. It dak lekt en dat kin foar gefaarlike sitewaasjes soargje op de spylflier.

Yn de wenwyk Stadsfenne/Pasveer binne baggerwurksemheden pland. De gemeenteried moat noch wol oer de ienmalige wurksumheden in beslút nimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)