Miljoen euro foar it werombringen fan tal selsmoarden

29 jan 2015 - 13:21
  • Depresje

Der komt in miljoen euro beskikber foar wittenskiplik ûndersyk nei it werombringen fan it tal minsken dat harsels tekoart docht. De SGP tsjinnet dêrfoar tongersdei in moasje yn, dy't stipe krijt fan in mearderheid fan de Twadde Keamer.

GGZ Fryslân rint foarop mei de help oan minsken dy't harsels tekoart dwaan wolle. Twa jier lyn begûn it Gatekeeper-projekt. Dêrby krije bygelyks dûmny's, learkrêften en meiwurkers fan de NS in training yn it werkennen fan sinjalen by minsken mei selsmoardplannen.

GGZ Fryslân is bliid dat der no oandacht is foar it probleem, mar fynt 1 miljoen lang net genôch. Pas mei 50 miljoen elk jier kin der echt wat dien wurde oan it probleem.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)