Miljoen ekstra boetes ôfrûn jier

01 mrt 2001 - 11:16

It Sintraal Justisjeel Ynkasso Buro yn Ljouwert hat ferline jier hast acht miljoen boetes ferwurke. Dat wie hast in miljoen mear as it foargeande jier. Yn sân jier tiid is it tal boetes dat yn Nederlân skreaun waard, fertrijefâldige.

It ynkassoburo is yn dy tiid ek bot groeid. Om it wurk oan te kinnen wurdt der op it stuit nijboud oan de Tesselschadestrjitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)