Miljeustrjitte De Jouwer ticht

05 aug 2012 - 10:21

De miljeustrjitte oan de Hannelswei op De Jouwer giet fan moandei ôf ticht yn ferbân mei in grutte ferbouwing. Op it terrein komme mear konteners te stean, sadat it ôffal better skieden wurde kin. Der komme boppedat stekken om de konteners te stean en de perrons wurde útwreide.

Foar de ynwenners feroaret der nochal wat. Sa is de miljeustrjitte skielk minder lang iepen en moat je sels je smoargens oanmelde mei in touchscreen. It is foar it earst sûnt 1994 dat de miljeustrjitte ferboud wurdt. De kosten wurde rûsd op 600.000 euro.

Op 25 septimber is de miljeustrjitte wer iepen. Oan dy tiid moatte de ynwenners nei de gemeentewerf mei har smoargens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)