Miljeustrjitte Balk ticht

13 sep 2014 - 15:58

It ôffalstoart yn Balk giet op termyn ticht. Dat hat de gemeente De Fryske Marren besletten fanwege in reorganisaasje fan de bûtentsjinst. De gemeente wol werom fan trije nei twa gemeentewerven. It ôffalplak op De Jouwer bliuwt. Op De Lemmer komt in nijenien. De krekte lokaasje dêrfan is noch net bekend. Mooglik komt it op bedriuweterrein Lemsterhoeke.

De gemeente nimt letter dit jier in neier beslút oer de trije miljeuterreinen op De Jouwer, De Lemmer en yn Balk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)