Miljeufreonlik syljacht doopt

11 jun 2003 - 00:00

Yn Warkum is woansdei it earste syljacht fan miljeufreonlik hout te wetter litten. It giet om in boat mei it saneamde FSC-keurmerk. Dat hâldt yn dat al it hout út ferantwurde behearde bosken komt.

De IJsvogel, sa't it syljacht hjit, waard doopt troch wettersportleafhawwer Annemarie Jorritsma. It 8 meter 30 lange jacht wurdt troch de Nationale Postcode Loterij oernommen. Dy jout de boat as ekstra priis op 16 juny wei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)