Miljeufreonlik popfestival

21 jun 2008 - 14:50

Op it Aldehoustertsjerkhof yn Ljouwert wurdt sneontemiddei it earste klimaat neutrale popfestival hâlden. Dit festival is de ôfsluting fan de Sinnewiken. Alle stroom dy't ferbrûkt wurdt by it festival, wurdt kompinseard.

Dat betsjut dat foar eltse hoeveelheid stroom dy't ferbrûkt wurdt, in selde poarsje stroom opwekt wurdt mei in wynmole. Mar ek oare foarsjennings binne miljeufreonlik: der wurde glêzen fan biologysk ôfbrekber plestik brûkt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)