Miljeubeurs op Skylge

26 apr 2008 - 13:55

Deputearre Anita Andriessen hat sneon op Skykge in 'Duorsumheidsbeurs' offisjeel iepene. De beurs is bedoeld foar alle Skylgers, mar ek foar toeristen en eigners fan simmerhûzen op it eilân.

Op de beurs litte standhâlders sjen hoe't hûzen miljeufreonliker wurde kinne mei help fan bygelyks sinneboilers, houtstookte cv's, LED-ferljochting en sinnepanielen. De beurs op Skylge duorret sneon noch de hiele middei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)