Miljeu posityf oer koälysje

16 apr 2011 - 13:18

De Fryske Miljeufederaasje is posityf oer it koälysje-akkoart fan PvdA, CDA en FNP. Direkteur Hans van der Werf is bliid dat, nettsjinsteande ryksbesunigings op natuer en miljeu, it provinsjebestjoer kiest foar ynvestearrings yn duorsume enerzjy, romtlike kwaliteit en natuer.

De miljeufederaasje is der net sa bliid mei dat der minder plakken foar grutte wynmûnen komme. In grut nij wynmûnepark by de Ofslútdyk kin skealik wêze foar fûgels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)