'Miljeu-effekten gasboarrings genôch omskreaun'

05 feb 2015 - 15:46

De miljeu-effekten fan de proefboarrings nei gas yn de Noardsee boppe Skiermûntseach binne genôch omskreaun troch it bedriuw dat de boarrings dwaan wol. Dat seit de ûnôfhinklike MER-kommisje dy't it rapport ûndersocht hat. Yn it rapport is neffens de kommisje spesjale oandacht foar de gefolgen fan de boarrings foar de natuer.

It bedriuw GDF Suez E&P Nederlân wol op de râne fan it Natura 2000 gebiet proefboarrings dwaan om te sjen oft hjir genôch gas yn de boaiem sit. Foar de winning sels komt noch in apart rapport.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)