Miljard foar Fryske plattelân

17 okt 2006 - 23:14

De provinsje hat 1 miljard euro krigen foar it plattelân. Mei dat jild wurde leefberensprojekten útfierd, wurdt der ynfestearre yn rekreaasje en wurdt der grûn oankocht fan boeren foar natuer.

It bedrach is mooglik makke troch in bydrage fan it Ryk fan 284 miljoen euro. It giet om saneamd ILG jild; it ynfestearingsbudzjet lânlik gebiet. It bedrach wurdt fierder oanfold troch ûnder oare de provinsje sels, mar ek gemeenten en it Wetterskip betelje mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)