Militêren yn it spier foar sosjale projekten yn Fryslân

12 maaie 2015 - 14:30
  • Militêren oan it wurk yn Wolvgea

It binne dizze wike de lanlike lânmachtsdagen. Yn it hiele lân helpe militêren mei putsjes op ynstellings, skoallen, soarchsintra of swimbaden. Minsken koenen de ôfrûne wiken fia Radio Veronica fersykjes dwaan om help te 'winnen' fan militêren.

Ferskate Fryske ynstellings dienen dat mei sukses. Soarchbuorkerij Phoenix yn Nijeholtwâlde, Skoutingferiening De Biezenhutters yn Easterwâlde, swimbad De Welle yn Frjentsjer en de Doarpstún yn Makkum krije dizze wike dan ek help fan manlju en froulju fan de lânmacht.

Trettjin militêren hawwe tiisdeitemoarn yn Wolvegea in tritich jier âlde kas ôfbrutsen om dy dêrnei nei de soarchbuorkerij yn Nijeholtwâlde te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)