Militêren yn aksje by swimbad Bloemketerp

11 maaie 2015 - 12:36
  • Swimbad Bloemketerp

Militêren binne de kommende dagen drok oan it wurk by swimbad Bloemketerp yn Frjentsjer. Se dogge dat yn it ramt fan de aksje Operatie Victorie fan Radio Veronica en de lânmacht. De militêren pakke ûnder oare de beplanting en de bestrjitting by it swimbad oan.

De minsken fan Bloemketerp binne wakker grutsk dat sy útkeazen binne as ien fan de projekten fan Operatie Victorie. It swimbad is wol gewoan iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)