Militêren knappe gymseal op

22 apr 2014 - 21:24

Militêren knappe dizze wike de gymmestykseal yn Penjum op. Dat dogge se omdat de lânmacht 200 jier bestiet. Fanwege dat jubileum is yn gearwurking mei Radio Veronica it projekt 'Operaasje 200' opset. Dêrby helpe 1000 militêren op 200 plakken yn Nederlân. In oantal dêrfan leit yn Fryslân. De gymnastykferiening fan Penjum is tige bliid mei de help. Yn de seal wurdt ûnder oare de berging opknapt. Mei-elkoar hiene 900 plakken har oanmeld foar help fan de militêren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)