Militêre tank by houlik Sleat

26 aug 2011 - 14:54
  • Foto's: Omrop Fryslân

Yn Sleat wie freed in ûngewoan fehikel yn it strjitbyld te sjen. Foar in houlik tusken twa militêren wie in tank nei it Fryske stedsje ta brocht. Tjitske Breimer en Remco van den Brink wurkje beide as tankkommandant yn Havelte. Op harren troudei namen se freed tagelyk ek ôfskie fan de tankdivisje. Definsje heft dy ôfdieling yn Havelte op. Foar de brulloft hie Remco in militêr tenu oan, Tjitske in wite jurk. De tank stie foar har âlderlik hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)