Militêre oefening yn Ljouwert

12 jul 2011 - 10:42
  • Foto's: Omrop Fryslân, Miranda Werkman

De luchtmobile brigade oefenet tiisdei yn in flat yn Ljouwert. De militêren oefenje dat se fertochte persoanen en objekten lykas munysje út in gebou helje moatte. Sokke aksjes kinne oer de hiele wrâld dien wurde. Der dogge sa'n 130 minsken mei oan de oefening.

Der wurdt gjin oefenmunysje brûkt, omdat der flak by de flat in skoalle sit en dat fûn de organisaasje net passend. De luchtmobile brigade kin as it moat binnen 20 dagen oeral op de wrâld ynsetten wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)