Militêre oefening Súd-Fryslân

07 nov 2010 - 12:13

Yn in grut part fan Súd-Fryslân fynt de hiele kommende wike in grutte militêre oefening plak. It giet om in gebiet fan Wolvegea, Hearrenfean, Boalsert en Surch. By dy oefening binne 130 militêren en 13 weinen belutsen. De militêren ha wol wapens by har, mar gjin munysje.

Guon gemeenten warskôgje de ynwenners dat se net fan de miltêren skrikke moatte. Mocht der oerlêst wêze, dan kinne ynwenners dat trochjaan oan it Ministearje fan Definsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)