Militêre oefening Marnewaard

13 aug 2012 - 16:13

Boppe it militêre oefenterrein De Marnewaard yn it Lauwersmargebiet sil takom wike de oefening Purple Windmill plakfine. De Koninklijke Luchtmacht sil oefenje fan tiisdei oant 'e mei freed fan moarns njoggen oere oant middeis fiif oere.

De oefening is bedoeld foar militêren dy't útsjoerd wurde nei Afganistan. De jachtfleantugen sille oefenje op in hichte fan 2000 meter mei útsûndering fan it Waadgebiet en it Natura 2000 gebiet yn it Lauwersmar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)