Militêre oefening Lauwerseach

06 jul 2011 - 06:29

Goed 130 militêren ha tiisdeitenacht meidien oan in oefening yn Lauwerseach. Der waard neispile dat der in groep smokkelers op fearboat De Monnik siet. Doel wie om de smokkelers te pakken en it smokkelguod te ûnderskeppen.

Om healve tolven kaam der in buske oan yn de haven. Doe waard it smokkelguod oan board laden. Dat wie foar de Luchtmobile Ienheid teken om yn aksje te kommen. It gebiet rûnom de fearboat waard ôfset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)