Militêre oefening Dongeradiel

24 okt 2008 - 20:15

Moandei begjint it 103e Istar Bataljon mei in oefening yn de gemeente Dongeradiel. De militêren traine har ynset yn Uruzgan. It giet dêrby ûnder oare om de oanpak fan wapenhannel en drugssmokkel. Neist Dongeradiel wurdt der ek oefene yn De Marne. De oefening duorret oant 8 novimber.

De militêren spylje sitewaasjes nei wêryn't se optrede moatte. Dêrby wurdt besocht oerlêst foar de omjouwing safolle mooglik foar te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)