Militêr wol auto oanride

12 jul 2004 - 12:32

In militêr (21) út Snits is ferwûne rekke by in ûngelok by Reduzum. Hy besocht mei syn auto de wein fan in frou (18) oan te riden en achterfolge har. Dêrby botste er op in beam en ried in sleat yn. De man koe sels út de auto komme. Nei it sikehûs is er oerdroegen oan de maresjaussee. De frou rekke net ferwûne. Wêrom't de militêr de frou besocht oan te riden, is ûnbekend. It riidbewys fan 'e militêr is ynnommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)