Militêr Steensma postúm eare

18 sep 2004 - 15:18

De omkommen militêr Dave Steensma fan Frjentsjer hat postúm de medalje Fredesoperaasjes krigen. De medalje is koartlyn oan de widdo fan Steensma oerlange.

De Frjentsjerter wie it earste deadlike slachtoffer ûnder de Nederlânske militêren yn Irak. Hy kaam op 10 maaie om it libben by in oanslach mei in hângranaat. Syn kollega's krigen freed yn Garderen de medalje útrikt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)