Militêr pakt foar mishanneling

03 mrt 2011 - 14:12

In militêr (21) út de gemeente Súdwest-Fryslân is woansdei troch de maresjesee oanhâlden. Hy soe syn heit mishannele en bedrige hawwe. Boppedat soe er yn it hûs dêr't er tegearre mei syn heit wennet saken fernield hawwe.

De Fryske militêr is foar fierder ûndersyk nei Arnhim ta brocht. Dêr sit de ôfdieling militêre saken fan it iepenbier ministearje. De man wurdt freed yn Arnhim foarlaat oan de rjochter-kommissaris.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)