Militêr oppakt foar himpkwekerij op It Hearrenfean

15 jan 2016 - 14:59

De maresjesee hat op It Hearrenfean in 39-jierrige militêr oppakt, omdat er in himpkwekerij hie. De plysje fûn de kwekerij neidat der brân útbrutsen wie yn de man syn hûs. It fjoer is nei alle gedachten ûntstien yn de apparatuer dy't de man brûkte foar de kwekerij.

Omdat de man militêr is, hat de plysje de maresjesee ynskeakele. Dy hat de fertochte fêstset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)