Militêr mishannelet Grouster

04 okt 2004 - 11:58

In 21-jierrige ynwenner fan Grou is yn de nacht fan sneon op snein swier mishannele troch in militêr. Dat barde yn in kafee op 'e Lemmer. De fertochte militêr, in 28-jierrige Lemster, hat de jonge út Grou yn syn gesicht stutsen mei in glês, dat dêrby bruts.

It slachtoffer rekke earnstich ferwûne en is oerbrocht nei it sikehûs. De fertochte is oanhâlden en yntusken oerdroegen oan de Keninklike Marechaussee.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)