Mikrokredyt súksesfol

17 okt 2007 - 10:56
  • Pedikuere Sylvana de Vries is drok dwaande mei de opbou fan har bedriuw

De proef mei it mikrokredyt yn de gemeente Ljouwert is in grut súkses. Tweintich Ljouwerters mei in útkearing ha al in liening by de bank oanfrege. Mei it jild wolle se in eigen ûndernimming begjinne. Oan acht plannen is al grien ljocht jûn.

Minsken mei in útkearing kinne sûnt 1 july mikrokredyt oanfreegje. De oerheid stiet dan garant foar de liening. Ek Rotterdam en Lelystêd dooge mei oan de proef.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)