Mikrofoans tsjin fjoerwurkoerlêst yn Ljouwert

06 des 2015 - 16:22

Ljouwert set mei Ald en Nij mikrofoans yn om fjoerwurkoerlêst te bestriden. Dat sei boargemaster Crone snein tsjin in ferslachjouwer fan Omrop Fryslân Televyzje. Wêr't de mikrofoans krekt komme, woe de boargemaster net sizze. Dat moat geheim bliuwe.

Fryske gemeenten binne oer it generaal tefreden oer de nije ôfstektiden fan fjoerwurk op Aldjiersdei. Dat docht bliken út ûndersyk fan de NOS. Fjoerwurk mei tenei ôfstutsen wurde tusken 6 oere jûns oant twa oere nachts.

Acht op de tsien âldere minsken wol graach dat der fjoerwurkfrije gebieten komme by fersoargingstehuzen. Dat docht bliken út ûndersyk fan it senioarebûn. Twa Fryske gemeenten dogge dat: Kollumerlân en Dantumadiel. Mooglik docht Ljouwert ek mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)