Mika Väyrynen skorst tsjin PSV

27 nov 2008 - 09:20

De Fin Mika_Väyrynen mist takom wykein de wedstriid tsjin PSV. De spiler fan SC_Hearrenfean krige tsjin Twente twa kear giel en is troch it fuotbalbûn KNVB foar ien wedstriid skorst.

Der wie diskusje oer de twadde giele kaart dy't Väyrynen krige. Hy smiet by in yngoai de bal op de rêch fan Twente-spiler Perez en pakte dêrnei sels de bal. Dêr joech skiedsrjochter Braamhaar giel foar. SC Hearrenfean gie yn berop, mar neffens it KNVB kin dat net by in giele kaart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)