Mika Väyrynen by SC Heerenveen

19 apr 2001 - 00:00

SC Heerenveen hat de 19-jierrige Fin Mika Väyrynen foar fjouwer seizoenen kontraktearre. It kontrakt giet yn op 1 jannewaris 2002 en einiget op 30 juny 2006. Mika is berne yn Sweden, mar hat wol de Finske nasjonaliteit.

Ajax en Inter Milan sieten ek achter de Fin oan. Fierders hat keeper Barry Ditewig foar twa seizoenen by sportklub SC Heerenveen bytekene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)