Miggepleach kaam troch waar

05 mrt 2008 - 12:42
  • troch it wiete waar koene de miggen har rap ûntwikkelje
  • In nije miggepleach komt der dit jier nei alle gedachten net

De miggepleach op Skiermûntseach yn july 2007 is feroarsake troch ekstreme waarsomstannichheden. Troch in mylde en wiete winter, en ien dei mei in protte reinwetter koene de stekmiggen har rap ûntwikkelje ta in grutte kloft. Ek de grûnwetterstân wie heech.

Troch dy bysûndere omstannichheden is it net te ferwachtsjen dat der fan 't simmer wer in miggepleach komt. De gemeente nimt wol maatregels lykas it snoeien fan grien op it eilân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)