MIG-21 yn Aeolus Seisbierrum

22 mrt 2003 - 00:00

It park Aeolus yn Seisbierrum hat der sûnt sneon in MIG-21 fleantúch as attraksje by. Bern kinne yn it tastel sitte en har efkes piloat fiele. De MIG-21 is in âld-Russysk fleantúch út de jierren 50.

Mei in frachtwein is it tastel oerbrocht fan Nieuwekerk aan de IJssel nei Seisbierrum. It fleantúch sil opsteld wurde yn de boarterstún, dy't as tema de Waadeilannen hat. Dat om't op Flylân in basis is fan de Loftmacht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)