Mienskiplike tún Skoatterwâld

10 maaie 2013 - 10:12
  • Ympresje fan de nije doarpstún yn Skoatterwâld
  • Ympresje fan de nije doarpstún yn Skoatterwâld
  • Lokaasje nije doarpstún Skoatterwâld

In grut ûnbeboud stik grûn midden yn de wyk Skoatterwâld fan It Hearrenfean wurdt meikoarten feroare yn in tún. Dêryn moatte ûnder oare fruitbeammen, krûden en blommen komme. It is de bedoeling dat de tún troch de bewenners sels ûnderhâlden wurdt. It stik grûn is eigendom fan de gemeente. It is eins bedoeld foar wentebou. Om't dat troch de minne ekonomyske tiden no net trochgiet, hat de gemeente tastimming jûn foar it plan.

Oant no ta hawwe seis minsken harren opjûn foar de tún. Der is romte foar yn alle gefallen tsien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)