Mienskiplik wenoffinsyf om huzeferkeap te befoarderjen

31 mrt 2015 - 12:37
  • Hûs te keap

De provinsje, gemeenten en bedriuwen sette yn april útein mei in wenoffinsyf. Sa binne op 11 april yn ferskate gemeenten wenningbeurzen. Makelers, boubedriuwen en notarissen presintearje harren dêr.

Oant en mei 30 april binne der ek ferskate regelings en aksjes dy't it oantrekliker meitsje moatte in hûs te keapjen. De provinsje komt mei in enerzjypreemje en in renovaasjeregeling foar minsken dy't in hûs keapje of ferbouwe wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)