Miening jaan oer fersekerder

16 sep 2007 - 11:40
  • De Friesland siket goeie ideeën

Soarchfersekerder De Friesland hâldt de kommende moannen in strjitte-aksje om út te finen wat der libbet ûnder de klanten. Fersekerden kinne op in praatstoel sitten gean en har miening jaan. Doel is dat de goeie ideeën yn de praktyk brocht wurde.

De stoel stiet sneintemiddei yn Grins, bij de Groningen Stad Maraton. Tongersdei kinne klanten yn Snits en op it Hearrenfean har miening jaan. En letter ek yn Drachten en Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)