Miedum op-ien-nei leukste gat

24 maaie 2007 - 10:06

Miedum is krekt NET útroppen ta 'Leukste Gat van Nederland'. It doarpke by Ljouwert waard woansdei twadde yn de wedstriid op SBS6. Der diene 15 doarpen mei. Wierum wie dêr ek by, mar einige leger as Miedum. Winner waard Soerendonk yn Brabân.

De sjoggers koene op ynternet oanjaan hokker doarp se it leukste fûnen. De presentaasje fan it programma wie yn hannen fan waarman Piet Paulusma

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)