Miedema Winsum bliuwt bestean

28 apr 2004 - 00:00

De 85 wurknimmers fan Miedema Landbouw- werktuigenfabriek BV yn Winsum hâlde har wurk. De direksje makke tiisdei bekend dat se it bedriuw oernimme mei stipe fan de Noardlike Untwikkelings- maatskippij (NOM).

Ferline jier rekke it memmebedriuw fan Miedema yn Lelystêd finansjeel yn swierwaar. Om foar te kommen dat ek it goed draaiende Miedema yn Winsum dêrtroch yn de problemen kaam, moast der aksje komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)