Miedema nei FC Bayern München

06 jun 2014 - 11:53
  • Miedema yn aksje tsjin FC Twente

SC Hearrenfean fuotbalster Vivianne Miedema giet nei FC Bayern München. Se tekenet dêr in kontrakt foar twa jier. De 17-jierrige Miedema hat foar Hearrenfean it ôfrûne seizoen 37 doelpunten makke yn 25 wedstriden. Se is ek topskoarder fan it Nederlânsk frouljusalvetal.

'Na drie jaar in de Belgisch/Nederlandse competitie was ik toe aan een nieuwe uitdaging', sa seit Miedema op de webside fan de Dútske klup.

Miedema koe kieze út ferskate Europeeske klups. Se hat foar Bayern keazen fanwege it gefoel yn in grutte famylje telâne te kommen, sa seit se.

It nijs is bekend makke op de webside fan Bayern München.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)