Midstrjitte De Jouwer op 'e skep

23 sep 2003 - 00:00

De herynrjochting fan de Midstrjitte op 'e Jouwer set moandei útein. De hiele strjitte, fan DE-plein oant Roggemolestrjitte, giet op 'e skeppe. Der komt nije bestrjitting, dito lampepeallen, meubilêr en beammen.

De wurksumheden soene earder begjinne, mar binne útsteld fanwege it 250-jierrich bestean fan Douwe Egberts. No't dat dien is, kin út ein set wurde mei it wurk. Foar de boufak fan takom jier moat alles klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)