Midsieuske kleuren yn lokaal Peazens Moddergat

23 maaie 2015 - 16:21
  • Lokaal Peazens Moddergat
  • Lokaal Peazens Moddergat
  • Lokaal Peazens Moddergat
  • Lokaal Peazens Moddergat

It gebou fan stichting Oan 'e dyk yn Peazens Moddergat is opknapt. It lokaal oan de seedyk wurdt foar it organisearjen fan waadtochten en is troch frijwilligers fertimmere en fan binnen op 'e nij farve.

It gebou is 200 jier lyn as tsjerke boud en no binne de âlde kleuren brûkt. It plafond griis/blau en de lambrisearring oksebloed-read en krêm. De kleuren komme fan in 500 jier âld oargel, dat yn in tsjerke yn Rysum (East-Fryslân yn Dútslân) stiet. De provinsje en de gemeente Dongeradiel ha de opknapbeurt finansjeel mooglik makke.

Jierliks goed 3.000 besikers komme nei it Wadden-info-centrum, foar in waadtocht of in slach troch it doarp mei hynder en wein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)