Midnightwalk: 4.000 minsken

20 sep 2014 - 07:29

Goed fjouwertûzen minsken hawwe freed meidien oan de Midnightwalk yn Ljouwert. Dielnimmers hawwe in kuiertocht makke fan 12,5 kilometer by bysûndere plakken en gebouwen yn de stêd del. Underweis soargen akteurs, dûnsers en muzikanten foar de sfear.

It wie de twadde edysje fan de Midnightwalk, dy't ek jild ynsammelet foar it goede doel. Dit kear wie dat de itensbank. Njonken de 40.000 euro dy't mei it entreejild ophelle is, binne der ek kratten fol iten ynsammele foar de Stifting Voedselbank.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)