Middenstip fuort foar goed doel

04 jan 2005 - 17:44

De middenstip fan it Abe Lenstra-stadion op It Hearrenfean is opnij stellen. Trije leden fan de âld- en nijploech 'De Vlecke' fan de Gordyk hawwe oan it dollen west yn it stadion. Dit kear gie it om in goed doel, want de middenstip brocht 2500 euro op. Dat bedrach is oermakke nei giro 555 foar de slachtoffers fan de ramp yn Azië.

Foarsitter Riemer van der Velde fan de Feanster fuotbalklub ûndernimt gjin aksje tsjin de âldjiersploech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)